Sido Boersma sit op Piter Jelles Ynsicht en docht dêr oplieding SDV. Dizze wike is hy mei trije learkreften en noch 4 learlingen nei Tenerife foar in ynternasjonaal útwikselingsprojekt. De bern moatte harren oanpasse oan kultuur fan it lân.
Yn maaie komt der in groepke bern út Tenerife dizze kant út, en der sil dan ek immen yn Friens útfanhûs.