Ynfojûn Vrouwen van Nu

Workshops yn eigen omjouwing. Mei-elkoar bakke as kokkerelje. Leuke ôfdielingsjûnen mei nijsgjirrige sprekkers. Utstapkes nei de twadde keamer, filmhûs as teater. Dat is wat de Vrouwen van Nu jo dit winterskoft te bieden hat.
Elkenien is tongersdei 8 septimber wolkom op de ynfojûn yn it lokaal efter de tsjerke.