Op ‘e Fryske Skriuwdei fan ferline wike, waard in bysûnder boek presintearre. Net allinnich bestiet it boek út e-mails, sms-kes en brieven, mar it is ek noch skreaun troch 6 auteurs. De skriuwers sieten by Hylke Tromp en Akky van der Veer op kursus. Mei syn allen ha se it boek, in literêre skriller, skreaun. It is in ferhaal fan sjofeur Gerke, dy’t yn Frankryk yn ‘e sel sit fanwegen drugsmokkel. Hat er it no wol of net dien? It boek hat in heech “Reduzumgehalte”. Net allinnich komt Hylke út Reduzum, mar by de skriuwers sitte Piter Renia, Wytske Visser, dy’t hjir wenne hat en Janne de Jong, dy’t op de Trije Doarpenskoalle staazje rûn hat. Om folslein te wêzen, de oare skriuwers binne Getrud Palstra fan Dronryp, Tineke Lettinga fan Marssum en Hobbe Akkerman út Assen. It boek leit hjir 2 oktober yn ‘e kroade.