Jildou de Vries en Freya de Haan hâlde mekoar goed beet. Se binne tegearre gauris oan it fytsen. Net samar in fyts, mar op in fyts mei ien tsjil. Dit giet net altyd maklik, mar steun sykjend byelkoar komme se in hiel ein. En wa wit komme we dizze famkes nochris yn it sirkus tsjin.