Twa besikers fan it haadklasse keatsen beprate nei ôfrin fan de partij wa’t fan de keatsers oant no ta de publykspriis winne sil. Sy komme der net alhiel út en beslute dat harren stim straks mar op twa warbere kofjefroulju útbringe sille. Dy binne sa entûsjast kofje oan it rûnbringen. “Chris, hjir stiet de kofje!” De foarlineman stekt syn tomme omheech. Mar ja, de skieds moat ek kofje ha. En dy stiet oan de oare kant fan it fjild. En hoe hyt er eins? Les it hiele ferhaal yn de Linepraat