Bou- en restauraasjebedriuw Van der Vegt sil ûnderhâldswurk dwaan yn opdracht fan de tsjerkrintmasters. De kezinen fan de galmgatten binne foar in part ferrotte en om dêr by te kommen moat in steger om de toer boud wurde. Nei de reparaasjes wurdt der fansels wer nije ferve oanbrocht. De steger sil oant ein maaie, begjin juny nedich wêze. Tagelyk sil yn de toer de einen fan ferskate balken ûnder de souders ferfongen wurde. De klok stiet stil en der sil ek net sa faak mear let wurde.