Dizze wike wie de mienskiplike iepening fan de Berneboekewike: “Worden wat je wil”. Yn groepkes bin de bern oan de hân fan ferskate foto’s yn de kunde kaam mei hiel ferskillende beroppen. Yn de groepen wurdt der fierder oer dit ûnderwerp wurke. Wat tinke jim fan lantearnepealoanstekker, katte- en hûnefoerfoarpriuwer, minsken yn de treintriuwer, glydbaantester, matrasspringer, slangemelker, krystlampjes út de tiis heller, golfbaldûker, of poppedokter. Hiele bysûndere beroppen dêr’t de measten ek noch nea fan heard hiene…