Wol of gjin himmeldei ?!

It bestjoer fan Doarpsbelang hat besluten om dit jier gjin himmeldei te hâlden. Oarsaak: it doarp is te skjin!

Mar de sportstichting makket freed-te-jûn 27 april wol de omjouwing fan it sportfjild skjin. Minsken dy’t har stikje Reduzum net skjin genôch fine, kinne ferdwaalde rommel yn de container smite dy’t fan 26-29 april op it parkearterrein by it sportfjild stiet.