Freed fersoarget de sakeklub rûnom en yn it kafee in winterfair. Neist de ferkeap troch de oansletten bedriuwen, binne der ek oare aktiviteiten. Sa kinne je foar in pear sinten mei de krystman op’e foto. De opbringst is foar de voedselbank. Foar de bern draait der in krystfilm.
Woansdeitemoarn wurdt der oandacht jûn oan de winterfair yn it radioprogramma “Muzyk yn bedriuw” fan omrop Fryslân.