Op’e nij ha de mannen fan de ” Bende fan Ellende ” de Murphy’s kwis wûn. Mei 21 teams waard der sa as alle jierren wer ommeraak striden yn 10 ferskillende ronden. Fan A- Wegen neame, fan wa binne de teannen dy’t ûnder it gerdyn wei stekke, muzyk efterste foaren riede, de sportronde en noch folle mear. De poedelpriis wie dit jier foar MAJA (Marjan, Ale, Jan en Anneke)