Wiet en droech

Elts hie syn nocht fan it wiete waar. Sa ek boer en leanwurker. It lân wie wer wat ôfdroege en se koenen oan de slach mei de twadde of tredde snee. Hjir is leanbedriuw Hiemstra út Deinum foar Nico Hooghiemster yn ’t spier. Krekt foar de bui fan snein ‘e middei hiene se de pakken ynwikkele.