Sneintemoarn hat Wiebe Bonne Bijker om 11.30 oere, it earste ljipaai fan de gemeente Ljouwert fûn. Hy fûn it aai yn in stik greide by it Leechlân, tusken Grou en Warten.
Oankommende woansdei sil hy foar in koart petear nei Boargemaster Ferd Crone yn Ljouwert. It aai nimt er net mei om te lotterjen, dit bliuwt yn it nêst lizzen.