Wat hâldt jim dizze simmer dwaande

Wat is der foar in bern moaier dan om yn de simmerfakânsje te kamperen. Sjoukje Posthumus en har suske hawwe dizze simmer harren eigen bed & brochje yn de tún. Mei in tinte en in sels makke tafeltsje is dit it bêste fakânsjeplak fan ierde.