Wat docht de thúsbliuwer?

Klaas en Sepkje hiene al wat earder oan de slach wollen mei de reparaasje fan it dak fan de pleats. Mar it Feanhoop-festival siet harren dwers, want dêr gie it wurkfolk út harren ‘dak’. Foardat it wurk los gie, moasten se earst wachtsje oant se wer mei beide fuotten op de grûn stiene.