Tiisdeitejûn, nei de jiergearkomste fan de Vrouwen van Nu, sille meiwurkers fan Club Caffemed fertelle oer har wurk, it begelieden fan jonge minsken mei deminsje. Club Caffemed sit oan de Legedyk yn Reduzum, yn it eardere Griene Krúsgebou, en is in ûnderdiel fan Comfortzorg. Ferskate minsken út ús doarpen meitsje gebrûk hjirfan en oaren binne warber as frijwilliger.
De jiergearkomste is op 21 jannewaris om 19.45 oere yn it lokaal.