Wâlbeskoeiïng oan de Legedyk

It weidek oan de Legedyk waard troch it tanimmende ferkear hieltiid ferriden.
Dit joech meinammen foar fytsers in soad swierrichheden.
Ien kear rekke der sels immen troch yn de sleat.
Der wurdt no wâlbeskoeiïng oanlein om yn de takomst it fersakjen fan de dyk tsjin te gean.