Wa nifelt der mei?

As it moai waar is stiet der by Myja Zijlstra, Haedstrjitte 48 in waskrak bûten mei allerhande nifelwurkjes om sels te meitsjen. Sy hat der ek foarbylden by hingjen. Foar wa it leuk fynt kin dit fergees meinimme. Graach ien per húshâlding, sadat oare minsken ek noch wat meinimme kinne. Sy hopet op dizze manier ek oare doarpsbewenners op kreative ideeën te bringen.