Wa helpt Qlubbred

QlubbRED in lytse wurkgroep fan seis minsken. Sy organisearje eltse moanne aktiviteiten en temafeestjes foar de bern fan groep 6 oant klas 3.
Tidens it Fe*stipe*val hawwe se de escape speurtocht fersoarge. De organisaasje, de bern en de âlders wiene hjir sa entûsjast dat sy graach nochris in escaperoom organisearje wolle, mar dan foar de folwoeksenen, yn gearwurking mei de Activiteitencommissie.
Qlubbred siket entûsjaste jongeren (minimaal 15 jier) mei helpe wolle by QlubbRED! Oanmelde kin fia qlubbred@gmail.com.