Wat hawwe je nedich foar it meitsjen fan in grutte sjippebellen. Dat wie de opdracht dy’t bern út groep 7 krigen. Thús moasten se yn groepkes útfine hoe se dit it bêste dwaan koene. Freed kamen se mei ferskate resepten fan sjipsop en allegear materiaal nei skoalle foar de útfiering fan dit eksperimint.