Dit foarjier hat de Vrouwen van Nu harren 100-jierrich bestean fierd, 100 jier, dat liket stok-âld mar dat binne se seker net. It is in gesellige, enthousiaste groep froulju dy’t mei elkoar leuke dingen dogge. En sa is harren jubileum ek fierd, foar eltsenien wie der wat by. Binne jim nijskirrich, soene jim wolris witte wolle wat se noch mear dogge, kom dan ris del op de Ynfo merk 14 september 15.00-17.00 yn it Lokaal oan Ayttawei. De boekekroade mei it Fryske boek is hjir ek.