In baltsje op fanôf it Keatsfjild

Kaatsvereniging Jan Reitsma
e-mail: kvjanreitsma@gmail.com
www.kaatsverenigingjanreitsma.nl
twitter @KvReduzum
Like ons op facebook

10-4-2022
In baltsje op fanôf in keatsfjild,

It is ein maart. De maaitiid sit yn de loft. Dat bestjut: we meie hast wer los op it keatsfjild!
Op snein 10 april fynt de iepening fan it seizoen plak.
Al ús jeugdleden wurde hjir foar noege. Jim hearre dêr grif noch mear fan of ha der al fan heard, mar skriuw it op en ferjit it net. De toppers fan team Fjoer en Puur Passie fersoargje dizze middei dus dit wolst as jeugdkeatser (en âlder) net misse!
Foar dyselde âlders wurdt op 5 april in ynformaasje gearkomste organisearre.
Ek hjirfoar wurde jim noege troch it Jeugdbestjoer, mar bist do ek âlder fan keatsende bern: prebearje seker ek efkes oan te heakjen. It wurdt grif in nuttige gearkomste foar eltsenien en as feriening dogge we it immers mei elkoar.
Ek mei elts alfêst útsjen nei it nije keatsboekje foar dit seizoen. Noch hiel efkes wachtsje, mar begin april krije alle ynwenners fan de trije doarpen it yn de brievebus. Mis it net, it sjocht der wer prachtich út. Dat doare we alfêst ta te sizzen…
En oh ja, ferjit jim net te helpen munten te sparjen foar de Poeisz-sponsoraksje?! Jim kin se yn de Poeisz yn Akkrum kwyt yn “ús” buis of bring se by Annie van Dijk oan de Terp 1 yn Reduzum.Oant sjen op it keatsfjild!


Heb jij ook zo’n zin in de start van het nieuwe kaatsseizoen?
Wij ook!
Over twee maanden mogen we alweer los….
De voorbereidingen voor het nieuwe seizoen zijn in volle gang.
Begin april ontvangen jullie allemaal weer een kaatsboekje én houdt vooral ook al de kanalen in de gaten waar via we communiceren: de Facebook-site, emails, Linepraat natuurlijk en bijvoorbeeld ook Reduzum.com.
Goed en leuk om nu alvast te melden en belangrijk om te onthouden of te noteren:
Op 10 april openen we het seizoen voor al onze jeugdleden.
Vanaf 13.30 wordt dit verzorgd door de Dames en Heren topkaatsers van Puur Passie en Team Fjoer.
Dat wil je niet missen!
Ook doet onze vereniging dit jaar weer mee aan de Poeisz-Jeugdsponsoractie.
Dat doen we door muntjes te sparen in de Poeisz-winkel in Akkrum.
Winkelt u daar niet, maar wilt u wel meehelpen? Dan kan en graag zelfs…!
U mag de munten dan inleveren bij één van onze bestuursleden.
Ook hopen we op veel hulp van onze jeugdleden. Om onze jeugdleden te stimuleren hebben we een ludieke actie bedacht. Wij hebben 3 prijzen voor de jeugdleden die de meeste muntjes kunnen verzamelen. Zij mogen hun gespaarde muntjes inleveren bij Annie van Dijk, de terp 1 Reduzum.
Hoe: spaar je munten op en lever ze 1x per week in, doe ze in een dichtgeplakte envelop en schrijf je naam erop. Annie houdt dan de score bij.
Op naar een prachtig keatsseizoen 2022.


Beste leden en vrienden van Kv Jan Reitsma Reduzum,
Op maandag 1 november 2021 staat de Algemene Ledenvergadering (ALV) gepland.
Vind de agenda in de bijlage.
We hebben verschillende belangrijke zaken te bespreken + een leuke afsluiter. We hopen dan ook op een grote opkomst.
Namens het Bestuur
KV Jan Reitsma Reduzum
Agenda Jaarvergadering 2021 – Vereniging Kv Jan Reitsma
Notulen jaarvergadering KV Jan Reitsma 3 november 2020 (2019 + 2020)
Notulen stichting vrienden KV Jan Reitsma 3 november 2020 (2019 + 2020)


En dan ist alwer einde seizoen.
Spitich, omdat der sa moai keatst is en it ek dit jier wer in koart seizoen wie.
Dochs sjogge we op in prachtich seizoen werom.
Dat wolle we wat útgebreider dwaan op de jiergearkomste dy’t ynkoarten pland wurdt. Deroer kommende moanne mear. Wis is alwol dat it wichtich is dat we der safolle mooglik leden sjogge. De takomst fan ús klub meitsje we immer mei elkoar…
No sjogge we mei nocht noch koart werom op de tige drokke en moai slagge septimber moanne.
It begûn fansels mei in merke-wykein wêr’t we op de sneon rom 75(!) keatsers op it fjild treffe mochten. De merkekommisje hie dizze dei de lieding en we seagen in protte âld- en net-keatsers aktief. Dat dyjinge allegear mar witte dat jim ek op oare partijen wolkom binne en fan herte noege wurde om jim takom jier by de feriening oan te slúten om sa wat faker fan it keatsspultsje te genietsjen.
Op de sneins fan de merke troffen we opnij moai waar en kaam der in kloft keatsers én publyk nei it fjild ta. Yn tiden dat de dielname oan KNKB-wedstriden sa ûnder druk stiet, mei wy de hannen ticht knipe dat de minsken noch sa graach nei Reduzum komme. We sil der ek takom jier hurd oan lûke om dat wer foar elkoar te krijen. Dan kin we grif wer sa’n moaie dei belibje.
It wykein derop wie it alwer raak mei op sneon sa’n 140(!) jeugd keatsers út hiel Fryslân by de Frije Federaasje dy’t har lustrum fierde. Opnij in boppeslach.
Snein 12 septimber wie it tiid foar it jierlikse pearkekeatsen.  As it komt trochdat guon noch spierpine hiene fan in wike earder of dat der al te folle oare leuke saken spylje, mar de opkomst wie leger as oare jierren wol west hat.
Mei prachtich keatswaar hiene hja dy’t der al wiene dochs in hiele moaie middei. De priiswinnaars fan dizze eigen ledenpartij wolle we net ûnfermeld litte:
B-Klasse winnaars:
1) Janna Bokma & Mark Bloem
2) Boukje Scheper & Laurens Hiemstra
A-Klasse winnaars:
1) Afke Zijlstra & Willem Fopma
2) Mirthe Wijnstra & Johannes G. Brinksma.
En dan waard it seizoen ôfslúten, mei alwer moai waar derby, op snein 19 septimber mei in Teatsen.
Under lieding fan Tjitske Roorda, Hennie Tiesema en Janna Bokma waard der hearlik spile en rûgelen de folgjende minken as priiswinnaars derút:
1) Bennie van Dijk, Mark van Dijk, Jeroen van Dijk
2) Werner Vermeulen, Jan Bosch, Laurens Hiemstra
3) Hedzer Fennema, Boukje Scheper, Mark Bloem
Poedelpriis) Thiadmar van der Wal, Janna Bokma, Jelle Spoelstra


Wat in prachtige snein hiene wy op it keatsfjild tidens de merke! En wat in minsken dy’t ús holpen ha, sawol mei de tariedings as op de linen, de tillegraven, de fersoarging foar dizze minsken, yn de kantine, grandioos. Tige tank eltsenien.
De ferlotting fan snein 5 septimber 2021;

  • Ballonfeart fan JPH-ballonvaarten.nl oanbean troch KV Jan Reitsma Reduzum grien 508 is wûn troch de famylje Mous fan Tzienzerbuorren
  • Quickfix bbq- oanbean troch www.quickfix-bbq.nl grien 929 is wûn troch Erwin Posthumus
  • Fryske cd fan De Kast mei dêrby sjonge mei Sytse yn de studio rose 158 = noch net fersein
  • 4 persoanen bbq fleis oanbean troch Slagerij Raap, Grou blau 409 is wûn troch A. Nijdam út Idaerd
  • Luxe bierpakket Waterpoartsje-bier. ‘Bier met een Goëd Gefoël’ oanbean troch Persbureau Langs de Melkweg blau 968 is wûn troch Hessel Kuipers
  • 2x in ‘ferieniging pakket’ ynklusyf de wedstriid keatsbal (1x froulju, 1x manlju) Rose 488 is wûn troch fam. Boersma út Friens, Rose 369 = noch net fersein
  • Ûnderhâldsset fyts oanbean troch Joop Zandberg rose 328 is wûn troch de fam. Boersma út Friens
  • Kofjesetapparaat oanbean troch in anonieme sponser blau 845 is wûn troch de fam. Ebels

Der binne noch twa prizen oer, mooglikheid om op te heljen foar ein septimber 2021.
Graach eefkes skilje yn it foar 0566-602434, Haedstrjitte 48, Myja Zijlstra.
Eltsenien tige tank en graach oant sjen!