De Noarmannen


Ferslachje fan in biljertreiske.
Freed 10 novimber
In oere as ien hienen wy ôfpraat om by Jeroen en Lutske in kop kofje te drinken. Nei wat ûnienichheid oer de tiid fan ôfreizgjen rekken wy toch noch moai op ’e tiid yn ‘e auto nei Harns. De kaartsjes wienen al besteld en sa sieten wy al gaueftich yn ‘e bar achter op it skip. Kofje hienen wy al genôch hân, dat wy rekken al rillegau oan it bier. De oertocht ferrûn diskear rêstich, sûnder kantroeren slagge it de kaptein om fan wâl te kommen. Op Skylge de tassen nei hotel Oepkes brocht en fuort mar nei Kafee Lieman om dach te sizzen. Nei wat fûstkjen en in pear drankjes in taksy besteld foar Midslân, dêr soenen wy ite by it Oud Hollands Eethuis, it nije wie der hielendal net dus dan mar it âlde. It iten smakke hjir lykwols bêst en dêrnei hawwe wy mar besletten wat ” jeugdherinneringen” op te heljen by de Schotse Vier. Werom yn West ha wy noch efkes neisitten yn Ke-Rijf Bar. It wie al moai let doe’t wy nachts wer by Oepkes wienen.
Sneon 11 novimber
Tsien oere hinne hienen wy allegear it moarnsiten wol op en ha wy ús wat útdampe litten op ‘e kade. Efkes kofjedrinke yn it Wakend Oog en doe moasten wy ek al hast oanmeunsterje op ‘e fiskersboat TS 3 “Viking”, in moai âld skip. Oeral meitsje jo de boat earst los ear’t jo fuortfarre, mar op Skylge giet soks oars. In protte seehûnen sjoen op ‘e Richel en doe moast it fertoand wurde, de netten gongen oerboard en in goed healoere hawwe wy oan it sleepnetfiskjen west. Forrest Gump en Captain Dan hellen de netten op en wy rekken net útpraat oer de fangst: 87 krabben en fiif hiele lytse fiskjes. Der sieten ek noch in pear garnalen yn en dy ha se doe mar sean, foar allegearre ien. Op ‘e wâl gau nei de fiskboer en dan nei Lieman, biljerte. Nei sa’n aventoer koenen wy de kop der net goed byhâlde en ha wy kânsleas ferlern. Frij let noch ite by Storm en doe hienen de measten de lêch wol út. Guon ha by Lieman noch ien deldronken en sa wie dizze dei wol om.
Snein 12 novimber
Lykas sneon iten en kofjedronken, wy ha ús noch efkes fertrêde en doe wie de moarn samar om en lei de boat al wer te wachtsjen. Wy sochten itselde plakje op as freed en ha noch moai efkes sitten. Fan Harns nei Reduzum, by Lutske noch kofje, in bierke en doe wienen wy allegearre skjin ynein. No moat my noch al wat fan it hert; it is de skriuwer fan dit stik net tafallen om der nei alle pleagerijen (in bargelearen jas en de kop sit er noch op en sa mear) der dochs noch sa’n posityf ferhaal fan te meitsjen.
F.d.B.B.