sakeklub.rfi@gmail.com
Elke eerste vrijdag van de maand van 14 -17 uur
Oan it Swin 9
Volg ons op Facebook
Augustus 2021
Hens van AquaVino sil der eltse moanne wêze mei moaie oanbiedingen reade en wite wyn, droech as swiet, Argentijns as Spaans, Hens hat in romme kolleksje. En foar de leafhawwer is der fansels ek in lekkere rosé.
De froulju fan ynesinnefarm.nl komme ek, mei produkten fan de tún yn Jirnsum, produkten dy’t lokaal ferboud binne en dy’t by it seizoen hearre. It oanbod is dus eltse kear oars.
Dan komt Lies fansels ek wer, fan Blommen & sa út Gau. De kream fan Lies is altyd in kleurich en fleurich gehiel, troch de moaie blommen en planten dy’t sy meinimt.
Wa’t wy fansels net misse kinne is Folkert, fan Puer Leven in stijl út Gorredyk. Folkert nimt eltse moanne spul út de winkel mei, aardige kadootsjes en snústerijtsjes, mar ek tsiis en súvel fan tsiisbuorkerij De Gelder út Tynje. Wolle jim seker wêze dat de suvel dy’t jim graach ha wolle der is, dan kinne jim dit fia de facebookpagina Versmarkt Reduzum bestelle.
En dan hat elts fansels al sin oan de lekkere koeken as tompoezen fan Frederika’s Taarten Sy sil ek dit jier wer soarchje foar in kream fol lekkers, want neist banket hat se ek bôle en sûkelade mei. En wolle jim foar in jierdei in moaie taart, freegje dan Frederika ris nei de mooglikheden.
Sa no en dan, mar yn elts gefal de earste kear sil Massagepraktijk Shanika der ek wêze mei har tapparfums. In lekker luchtje foar de Peaske , wa wol dat no net, en dêr neist is massearje fansels Shanika har spesjaliteit. In ôfspraak meitsje kin op de Versmarkt of helje in bon en jou in oar in lekkere massaazje kado.
Shanika hat dizze earste kear ek in leuke aksje, omdat Massagepraktijk Shanika 10 jier bestiet: grabbel in peaskeaai by in oankeap en wa’t it gouden aai pakt krijt in peaskehazze mei nei hûs.
En dan, as lêste mar seker net de minste, en dit is gjin marktkream mar Marjan en Ale harren hiel gesellige winkel Iel en mear, mei wrâldferneamde rikke iel, hearlike salm, guozzespesjaliteiten en allerhande oare lekkerijen.
Mis ek dit jier de Versmarkt dus net, net stinne mar hinne! Op de merk stiet kofje en tee foar jim klear! De Versmarkt is eltse kear op de earste freed fan de moanne, útsein de moanne augustus.
De data binne: 1 april, 6 maaie, 3 juny, 1 juli, 2 septimber en 7 oktober.