Noch sa’n 10 wike dan is it safier, merke 2013. Der binne al hiel wat minsken dwaande mei it tarieden op it tema fan dit jier ; Viva La France.
Sa wurde der ek al klean regele foar it hieltyd populêrder ferklaaide matinee, der wurde al lekkere hapkes betocht foar de “Kulinaire Franske Merk” op freed ,mar ek de oanklaaiing fan de strjitten hâld guon al dwaande.