Via Gladiola

Alle snein te jûns rinne Anneke en Geesje fan de Tsienzerbuorren in slach om Raerd. Nei in buurtbarbeque swarden Bouke en Tiede dat se wolris meirinne soene. En sa barde it de folgjende snein. Thús stiene buurtgenoaten al klear mei de blommen. Efkes wie de Tsienzerbuorren Via Gladiola.