Fan freed 1 april ôf sil der alle earste freeds fan de moanne, fan 14.00 oant 17.00, wer in Versmarkt wêze. Ek no wer op it pleintsje fan Iel en Mear fan Ale en Marjan de Jager, Oan it Swin 9 yn Reduzum. Krekt as ferline jier binne der wer in oantal entûsjaste minsken dy’t hiele moaie (h)earlike produkten ferkeapje.