Alle moandeitemoarns om tsien oere is it safier. De stokken komme te foarskyn en de froulju dy’t har sammele ha by de sportkantine sille los. Alle wiken rinne se sa in rûntsje om it doarp. Rinne en pratend de wike trochnimme. Wa’t ris mei rinne wol is fan herte wolkom.