Oare wike, 30 en 31 desimber, binne de lêste dagen fan bernekleanwinkel de Vingerhoed. Gelske Roorda slút nei dizze wike de winkel oan de Master Gorterstrjitte 2.
Baby- en berneklean gean foar €5,00 de doar út en allerhande kado’s foar de helte fan priis. Sjoch oare wike dus noch gau foar de lêste koopjes.
Foar de reparaasje fan klean en eigenmakke berneklean kinne je noch wol by har te rjochte.