De gemeenteried is akkoard gong mei it útlûken fan jild foar de oanlis fan in urnenmuorre yn Reduzum. Op dit stuit wurde de tekeningen útwurke en wurdt der oerlein mei de oannimmer. It idee fan in urnenplak yn de foarm fan in terp mei in soarte fan “binnepleintsje” sil útgongspunt wêze.
Yn septimber sil de saak safier wêze dat de bou los kin.