Unkrûd fergiet net

Hoe goed jo je best ek dogge, alle keren is dêr wer ûnkrûd. Mar op sa’n moaie sinnige dei as hjoed is it hielendal net in ramp om it spul tusken de tegels wei te heljen. In biezem deroer en skjin is it wer. In earfol wurkje, as alles der wer strak by leit.