Typdiploma

In heal jier lang sawat alle dagen oefenje. Elke twa wike by juf Sjoeke yn it Lokaaltsje mei in waarme holle en kâlde hannen op dy ferhipte masine tikke. Mar hjoed wie de lêste kear! Fan ‘e middei dienen 15 bern út groep 7 en 8 typeksamen. It wie dreech mar de measte bern ha it diploma no yn ‘e bûse. Spitigernôch moatte trije bern it noch ris besykje mar dan komt it mei harren fêst ek goed!