Túnklup 25 jier

Op moandei 14 oktober fiert de Túnklup fan de Vrouwen van NU dat se 25 jier lyn oprjochte is. Se sille dizze jûn gebak meitsje foar de fûgels. Wa mei dwaan wol, moat har sa gau as kin opjaan bij Djoeke til. 058-2551417, Itteke til. 0566-601964 of Tjitske til. 0566-601819. 19.30 oere yn de Sportkantine fan Reduzum. De kosten binne €25, 00 p.p inkl. materiaal kofje mei wat lekkers. Leden fan Vrouwen van NU krije koarting