De tsjerke fan Idaerd, toer en skip, binne as gebou ien gehiel. Mar yn de Frânske tiid (rûn 1815) waard de tsjerketoer fan Idaerd troch de oerheid foardere, om’t it in militêr strategyske funksje krije koe. De gemeente hat letter de monuminten oerdien nei de Monumentenstichting. It skip fan de tsjerke, is krekt sa as de tsjerke fan Friens en Reduzum eigendom fan de Herfoarmde Gemeente Reduzum – Idaerd c.a. Kommende sneon is der fan 14.00 ôf yn de tsjerke in trochrinnende diashow te sjen oer de tsjerke.