It ôfrûne healjier hat de Trije doarpen skoalle eksperimintearre mei translanguaging. Dat is in meartalige ûnderwiisfoarm wêrby’t de talen net strikt skieden wurde. Se wurde just mei sin trochinoar hinne brûkt.
Earder waarden de talen Frysk, Nederlânsk en Ingelsk allinich brûkt by de útlis fan bygelyks rekkenjen of biology, mar dan ien taal tagelyk.