Tradysjes yn Friens

Guon tradysjes binne en bliuwe moai. Al jierren lang meitsje in groepke froulju kryststikjes foar de âlderen yn Friens. Mei grien út de eigen tunen en noch wat oankeapen út de winkel is it elk jier in gesellige middei. De kryststikjes wurde dêr nei troch it bestjoer fan Froulju’s wille by de minsken thús brocht. Nei in praatsje en bakje kofje as tee kinne se dan wer op hûs oan.