Toulûkers yn de prizen

Ofrûne wykein wie it NK indoor toulûken yn de Lier. De Frienzers Klaas Hylkema en Jaring -Jan Boersma diene hjir oan mei. Mei har team Deinum/Britsum wûnen se yn twa gewichtsklassen de tredde priis.
Jaring-Jan Boersma is selekteare om mei team Monnickendam ein dizze moanne mei te dwaan foar it WK indoor toulûken yn Ierlân.