Toere en Loere

Dat soe wêze op 20 en 21 novimber, jim koene dan û.o. loere by Iel en Mear fan Ale en Marjan en it Rustpunt fan Jehannes en Els (mei kofje te gean) mar helaas…
Troch alle maatrigels fynt de organisaasje it net ferantwurde op dit stuit om it troch gean te litten. Jim binne fansels op freed en sneon noch altyd wol wolkom by Iel en Mear, foar wat lekkers, en no ek foar it nijste boek fan Gjalt de Groot.

It boek is al útferkocht! Der komt in 2e druk en fanôf oare wykein is dat wer op foarried….ynskriuwe kin wol.