Tink oan my

14 en 15 febrewaris is de jierlikse útfiering fan tonielferiening ROTO. Sy spylje dan it stik ‘Tink oan my’ fan Hetty Heyting, dat oerset is troch Piter Renia.
Beide jûnen begjinne om 20.00 op boppeseal fan kafee-bar de Welp.
De generale is woansdeitejûn om 19.30 foar bern fan groep 6, 7 en 8 en foar minsken dy’t freed en sneon net kinne.