Theatergroep FIER stelt iepenloftspul út nei 2022

It bestjoer fan stichting Theatergroep FIER stie klear om wer in moai iepenloftspul te organisearjen. Mar troch Koroana is it no te ûnwis en te dreech om ôfspraken te meitsjen oer audysjes, repetysjes en foarstellings. Dêrom is nei lang beried besletten om alles in jier út te stellen. As yn 2021 elkenien harsels wer wat frijer beweegje kin sille der yn novimber audysjes komme foar spilers en sjongers en kinne sa ek frijwilligers entûsjast makke wurde.