Wat dogge je as je te hearren krije dat je net lang te libjen ha? In gruttal minsken seach juster op ‘e boppeseal de film The Bucket List. De slim sike haadrolspilers wurken in winsklist ôf yn de tiid dy’t se noch hienen. In film mei humor en emoasje. Op 24 novimber hâldt de tsjerkerie wer in filmjûn.