Al sinden guon tennissers op revâns, it slagge sawol by de froulju as de manlju net, om de kampioenen fan 2013 te ferslaan.
Joop Andringa wûn yn de foarrondes al syn wedstriden, mar wist earst krekt foar de finaledei, wa’t syn tsjinstanner wêze soe. Spittich foar Wietske, dy har yn de foarrondes wol pleatste foar de finale. Mar fanwege fakânsje moast se it ôfwitte litte.