Net tsjinsteande it feit dat de simmer net de hytste simmer is, dy’t der ea west hat, wurdt der dochs regelmjittich swommen by de brêge tusken Súd en it Swinlân. Mar, swimme dêr is net hielendal sûnder risiko’s. Trochdat de âlde brêge ferfongen is troch in nije brêge leit der noch guod, sa as betonizer op de boaiem fan it Swin. Oppasse dus!!!