Swim 11stêdentocht

Om fiif oere fannemoarn betiid stie it earste publyk by de Swette klear om 11 stêden swimmer Maarten van der Weijden oan te moedigje. In oantal hie sels it moarnsmiel mei en siet te iten by de picknicktafel. Mar ek it rayonhaad fan Ljouwert en meiswimmers (dy’t net meiswimme mochten yn ferbân mei minne wetterkwaliteit) stiene paraat om om Maarten sukses te winskjen. Under grut applaus passearre Maarten om 6.39 de Swetse.