Swerver mei blau bloed

In lyts jier swalke hy op de D.S. Bangmastrjitte om. De Hettinga’s koene mei in soad geduld en iten him sels oanhelje. Mar yn ‘e hûs wol der net. Dêrom makke Klaas in wier paleiske foar him. Mei tsjin de kjeld in elektrysk tekkentsje. Swiebertje leit sa prinshearlik en is der net mear út te slaan.