Hongerige sweltsjes

Yn en om ús doarpen binne der trije swelle soarte dy’t hjir foarkomme. De toerswel, boereswel en de hússwel. Alle swellen frette mei-inoar folle mear michjeguod op as dat wy deaslaan kinne.  Swellen frette in bulte miggen op, wol oant 20.000 op in dei as hja jongen hawwe. It makket harren net út wat foar soarte ynsekt, mar gjin ynsekten mei in angel. Oerdei dogge de swellen it en yn ’e nacht binne de flearmuzen oan bar en dy kinne der ek wat fan. Bartle de Leeuw kin ús der in soad oer fertelle