Swart wurdt wyt

De tiid dat er mei in krytsje op it boerd skreaun waard, liket syn langste tiid hân te hawwen. Op de TDS hat it digitale skoalboerd no ek syn yntree dien. Yn de ûnderbou groepen 1/2 en 3 wurdt der, sûnt in pear dagen, al in bytsje mei wurke. Alles is nij en ûnwennich. It gebrûk fan spesjale software makket it mooglik dat er in tal fan lear- en lesmetoaden troch elkoar brûkt wurde. Foar skoalleTV-útstjoerings of it besjen fan dvd’s is it boerd ek goed te brûken. Yn de takomst sil ek yn de oare groepen it “âlderwetske swarte skoalboerd” troch in digitaal skoalboerd ferfongen wurde. De bern yn de ûnderbou fine it yn elts gefal machtich en wolle op it ein fan de dei net iens mear nei hûs.