Boarnsterhim brûkt it Swinlân as pilot-projekt foar wite LED-ferljochting. No’t der ek goeie wite LED-lampen binne, wol Boarnsterhim it ferskil tusken de griene en wite lampen witte. De gemeente is fan doel dit jier noch in pear hûndert strjitlampen te ferfangen troch LED-lampen.