Op freed 30 april sille yn de tuorren fan Reduzum, Idaerd en Friens nije flaggemêsten oanbrocht wurde. De mêsten binne bedoeld as ferfanging fan de âlde en swiere houten flaggepeallen. Foar it oanbringen is in hiele grutte kraan nedich. De 10 meter lange peallen moatte fan bûten ôf troch it flaggelûk oanbrocht wurde. De Haedstrjitte yn Reduzum tsjinoer de tsjerke, sil trije oeren stremd wêze foar it autoferkear. It persoaneferfier kin mei de auto omride troch de Smedingstrjitte en de Buorren. It frachtferkear kin better net troch dizze strjitten fansels. It begjint om 11:00 oere.