Trije dagen izel yn de provinsje makket in minske net allinnich kwetsber mar ek kreatyf. Sa wie der op sosjale media de 11 stêden tocht oer de wei. Mar ek ús eigen ynwenners lutsen de stoute skuon oan en hellen de redens út it fet. Op mannich hiem as strjitte koene je sa moai in streekje sette.