Stokjerinners der op út

De stokrinners (Nordic Walkers) rinne eltse moandeitemoarn in kuierke troch en om it doarp. Mar soms rinne se ek earne yn de provinsje. Sa ha se in kuierrûte rûn troch De Sweach. In prachtige rûte oer boskleantsjes mei kûtsebei en sânpaden of oer de golfbaan fan Lauswolt. Lokkich fleagen de golfballen de froulju net om ‘e earen.
Ek ris meirinne? Start is moandeis 10 oere op Haedstrjitte 55. Ek sûnder stokken binne jimme wolkom. Mear ynformaasje by Itteke de Leeuw, tel. 0566-601964.